Tinkend oan Brabân

vrijdag 23 september 2022

Ik heb ‘Brabant’ van Guus Meeuwis in het Fries vertaald:

De nachten binne lang hjir, de dei is sa koart,
de minsken binn’ stiif, en de minsken binn’ fuort,
it waar is wier min, mar lokkich wol droech,
de loft is iiskâld, en er is mar ien kroech;
as ik nei myn hotel rin, fyn ik djip yn ’e bûs –
ik hie’t hast ferjitte – de kaai fan myn hûs...

En ik rin hjir allinne troch in poertjuster lân,
ik haw einliks nea lêst fan unwennigens hân,
’k haw besocht hjir te wenne, mar it wie om ’e nocht –
en dan tink ik oan ... Brabân, dat dêr braant noch ljocht!

Ik mis hjir de waarmte fan ús âlde kafee,
it petearje fan minsken mei in sachte gee,
en sels it geëamel, dêr ’k eartiids fan griisde:
ja, wiene hja op Brabân mar sa grutsk as in Fries!
Yn it fleuriche súden bin ’k tegearre mei dy,
faaks is’t dêrom dat ik wol oer Brabanners mei...

En ik rin hjir allinne troch in poertjuster lân,
ik haw einliks nea lêst fan unwennigens hân,
’k haw besocht hjir te wenne, mar it wie om ’e nocht –
en dan tink ik oan Brabân, dat dêr braant noch ljocht!