Hwat moat dan in minske allinne
maandag 29 augustus 2022
Twee gedichten over eenzaamheid, van
Fedde Schurer:
It reint
Losse triennen rinne
oer de ruten fan ’e tram
hwat moat dan in minske allinne
yn in stêd als Amsterdam?
Hwant allinne fynt men nearne
it biskûl fan in feilige kroech
mar hja dy’t togearre geane
dy sitte dêr smûk en droech.
Ik fiel my sa hounsk forlitten
sa útstaet en oan reapsein
it reint in alle strjittten
it reint op ider plein.
reap: touw van gedraaid stro
Op it moas
haw ik sliept as in roas
as in dier
mar amper in stienwurp fier
hat ien op itselde stik lân
gjin wink yn ’e eagen hawn
en redleas rekke
de nacht trochwekke
ynein en kapot
forlitten fan God
en fan my
der by
mar de nije dei stiet wer ré
as in dier, as in roas
haw ik sliept op it moas
haw ik sliept yn Gethsémané